Label 'Pure Graze' nei Fryslân

15 apr 2014 - 11:21
  • Pure Graze, it merk foar duorsume suvelprodukten

Yn Fryslân wurdt tiisdei in oerienkomst tekene om suvelprodukten mei it label Pure Graze yn de merk te setten. It giet dan ûnder oaren om duorsume molke- en tsiisprodukten.

Boer Jaring Brunia fan Raerd is de earste dy't him hjirby oanslút. Sa binne de kij by him it hiele jier troch yn de greide te finen. Boppedat wurde de bisten net behannele mei antibioatika.

Fan it Pure Graze label komme der hieltyd mear produkten yn de winkels te lizzen. Fryslân is no oan bar. Pure Graze hat op it stuit 427 produkten yn 'e hannel.

Dan giet it benammen om fleisprodukten dy't op in duorsume wize ferwurke binne. Dêr sille no produkten bykomme lyk as molke en tsiis. Fia in webwinkel kinne dizze fleisprodukten al besteld wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)