Laam mei twa gesichten berne

04 jun 2013 - 12:36
  • It laam mei twa gesichten

Op It Amelân is in laam berne mei twa gesichten. In skiep fan boer Andries Molenaar krige it bist. It hat fjouwer eagen, twa noazen, twa mûlen en twa earen. As it laam mei de eagen knipperet, dan knipperje alle fjouwer eagen tagelyk.

It ferskynsel fan in laam mei twa gesichten wurdt ek wol januskop neamd. Neffens in feedokter op it eilân komt it hast net foar dat sa'n bist berne wurdt. De boer tinkt ek net dat it laam de ein fan de dei helje sil. De frou fan de boer soarget foar it laam. Se jout him sa no en dan wat molke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)