Laai foar Eisinga Planetarium

25 jul 2003 - 00:00

It Eise Eisinga Planetarium yn Frjentsjer krijt der in laai by yn 'e kolleksje. Op de laai steane alle berekkeningen fan Eise Eisinga dy't nedich wiene foar de bou fan syn planetarium.

Oare helpmiddels wiene yn syn tiid noch net beskikber. De laai is no noch yn it besit fan de famylje Zimmerman, neikommelingen fan Eisinga. De famylje wol de laai no dus oan it planetarium jaan. Dat bart takom wike sneon.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)