Lûdsmjittings by Frisian Flag

20 apr 2012 - 12:00
  • F16

Doarpsbelang Marsum is dwaande mei desibelmjittings by de fleanbasis. Dêr is de ynternasjonale oefening Frisian Flag oan 'e gong. Allerhanne strieljagers dogge mei oan de oefening, ek F18's en Poalske F16's. It lûd fan dy tastellen soe te fergelykjen wêze mei dat fan de JSF. Dêrom wol doarpsbelang Marsum graach witte hoefolle leven oft se meitsje.

De mjitgegevens jouwe de Marsumers troch oan de fleanbasis en oan de fêste keamerkommisje. It heechste tal desibels dat freedtemoarn metten waard, wie in strieljager dy't 131 desibel produsearre.

Nederlân wol as ferfanging fan de F16's nije strieljagers keapje. Dat soene jachtfleantugen fan it type Joint Strike Fighter (JSF) út Amearika wurde, mar dy wurde hieltyd djoerder. Dat komt min út yn tiden fan besunigings. Boppedat soe de JSF mear leven meitsje as syn foargonger.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)