Lúkswâld hâldt lûdsoerlêst

17 jul 2012 - 16:46
  • Gemeente Opsterlân

It net trochgean fan it spoar tusken Grins en It Hearrenfean makket de kâns mooglik lytser dat wat dien wurdt oan de lûdsoerlêst fan sneldyk de A7 yn Lúkswâld. By de oanlis fan it spoar by de A7 del hie dêr mooglik wat barre kind oan dat langrinnende probleem, sa tochten se by de gemeente Opsterlân. De gemeente stiet neutraal foar it al of net trochgean fan it spoar oer.

Woansdei gean provinsjale steaten mooglik akkoart mei it stilsetten fan it projekt.

Omdat de lûdsoerlêst yn Lúkswâld net boppe de dêrfoar stelde noarmen útkomt, ûndernimt Rykswettersteat gjin aksje. De gemeente hopet no dat der stiller asfalt op komt as it tiid is foar grut ûnderhâld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)