Lêste dei alvestêderinners

19 maaie 2012 - 12:03

Mar 23 minsken binne dit jier útfallen by de 66e Alvestêde-kuiertocht. Dat is in ekstreem leech sifer. De organisaasje is dan ek goed te sprekken oer it ferrin fan de tocht. De dielnimmers kamen sneon oan by de einstreek yn Ljouwert.

Tiisdei wie de earste etappe. Goed 800 dielnimmers hawwe de hiele tocht fan fiif dagen rûn. Oare dielnimmers rûnen ien of in pear dagen mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)