Lêste bewenners werom nei flat

22 des 2011 - 21:59

De lêste fjouwer bewenners fan de Antillenflat yn Ljouwert ferhúzje freed werom nei harren flat. En sa binne se krekt foar de kryst werom op it plak dêr't se yn maaie fuort moasten. Doe stoarten de galerijen nei ûnderen troch betonrot. Tachtich gesinnen en allinnichsteanden hawwe dêrnei in heal jier lang net yn harren eigen hûs wenje kinnen. Wenningkorporaasje WoonFriesland hat der alles oan dien om de flat wer feilich te krijen en de minsken sa gau mooglik wer te plak te krijen.

De flat is folslein opknapt mar takom maitiid moatte noch de lêste dingen ôfmakke wurde. Sa moatte der noch skutten tusken de ferskate balkons en moat der hjir en dêr noch skilderwurk dien wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)