Kyl skip Barentsz klear

20 jul 2012 - 16:53

It earste part fan de replika fan it skip dêr't Willem Barentz mei nei Nova Zembla fear, is klear. It giet om de kyl. Dat wie it dreechste part fan de bou. De kyl is krekt sa makke lykas yn de tiid fan Willem Barentz, goed 400 jier lyn. It is op it each makke en de planken binne bûchd troch se gleon te meitsjen.

No wurdt begûn mei it opsetten fan de spanten. Yn 2014 moat it wurk klear wêze. De bouwers wolle dan ek besykje de reis fan Willem Barentz oer te dwaan. Troch de opwaarming fan de ierde tinke sy dat se Sina wol berikke kinne.

Simmerdeis leit der yn 'e Noardlike IIssee folle minder iis as yn Barentz syn tiid.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)