Kwotum ljipaaien is fol

23 mrt 2014 - 11:58
  • Ljipaai

Der kin net mear nei ljipaaien socht wurde, want it kwotum is fol. Aaisikers koene dit seizoen 5693 aaien meinimme. Sneintemoarn om kertier foar tolven waard it lêste aai fan it kwotum fûn en meinaam.

It earste ljipaai waard dit jier fûn op 6 maart. Dat wie aardich earder as de jierren dêrfoar, want doe wie it folle kâlder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)