Kwart 'soarchbern' mishannele

29 jul 2011 - 14:34

In kwart fan de bern dy't ferline jier oanmeld waarden by Buro Jeugdsoarch Fryslân hie te krijen mei mishanneling. Dat docht bliken út sifers dy't de organisaasje freed nei bûten brocht hat.

Jeugdsoarch hat ûndersyk dien ûnder in part fan syn kliïnten, foaral om gemeenten in goed byld te jaan fan wat der wat jeugdsoarch oanbelanget nedich is. Dy gemeenten wurde dêr fan 2013 ôf ferantwurdlik foar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)