In kwart mear wurkleazen

15 jul 2003 - 00:00

De wurkleazens yn Fryslân is yn in jier tiid mei 25% tanommen en dat is boppe it lanlik trochsneed fan 22 prosint. Dat docht bliken út sifers oant en mei juny dit jier fan it Sintrum foar Wurk en Ynkommen (CWI).

Mei in taname fan 25% is Fryslân koprinner fan de trije noardlike provinsjes. Drinte hat 24 % en Grinslân 19,5. Yn Ljouwert is de wurkleazens yn itselde tiidsrek mei justjes mear as 25 prosint tanommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)