Kwart mear wurkleazen

18 jun 2003 - 00:00

It ôfrûne jier binne der hast in kwart mear wurkleazen bykommen yn Fryslân. Ek de gemeente Ljouwert lit dit byld sjen. De provinsjale wurkleazens leit no op 9,8 persint.

Yn maaie is de wurkleazens yn Noard-Nederlân wer wat ôfnaam, mar dat is gebrûklik yn dizze tiid fan it jier. De ôfname is dit jier wol lytser dan ferline jier fanwege de ekonomyske resjesje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)