'Kwaliteit Liet heger as oars'

31 mrt 2014 - 06:21
  • Liet ynternasjonaal

Tsien kandidaten stride op 5 maaie tsjininoar op Liet 2014, it sjongfestival foar minderheidstalen. Dy tsien binne dit wykein as bêste út de foarronde kaam. Neffens sjueryfoarsitter Sjoerd Bootsma wie de kwaliteit fan de ferskes dit jier heger as oare jierren.

Bruno Rummler, Gallery, Gerben Boots, Jan Dirk van der Meulen, Lammy Bruyns, Makkumer Blues Brothers, Sietze en Janke Trientsje, Vangrail en Weima & Van der Werf giene fuortendaliks troch nei de finale. It publyk keas Tremear as tsiende. De finale is op Befrijingsdei yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)