'Kwaliteit giet foar kleur'

09 okt 2007 - 16:58
  • Van Mourik: kwaliteit is wichtiger as de politike kleur

By de kar fan in nije kommissaris fan de Keninginne moat de kwaliteit foarop stean en net de politike kleur. Dat seit VVD-fraksjefoarsitter Van Mourik oer it opstappen fan Ed Nijpels.

Van Mourik is fernuvere oer de reaksje fan de fraksjefoarsitters fan PvdA en CDA, Versteeg en Van der Ham. Sy fine dat de nije Kommissaris fan de PvdA of fan it CDA komme moat. Van Mourik seit dat soks de foaroardielen befestiget oer it beneamen fan bestjoerders.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)