'Kwaliteit foarop by plysje'

27 feb 2003 - 00:00

De plysje moat by prestaasjekontrakten net inkeld ôfrekkene wurde op kwantiteit, mar ek op kwaliteit. Dat sei it nije Twadde-Keamerlid Straub (PvdA) woansdei by syn ôfskied as distriktssjef fan de regio Drachten.

Straub fynt it folle belangriker dat de plysje wurket sa't de mienkskip wol. Straub wol him yn syn nije funksje as folksfertsjintwurdiger ynsette om de kwaliteit fan de plysje yn ús lân ferbetterjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)