'Kwaliteit Fier Fryslân goed'

16 jul 2008 - 10:11

De ynspeksje foar de folkssûnens is oer it generaal tefreden oer de kwaliteit fan de helpferliening by Fier Fryslân. Dat stiet yn in ûndersyksrapport dat woansdei publisearre is. Fier Fryslân fangt ûnder oaren froulju op yn in 'Blijf van mijn Lijf-huis' en helpt bern mei trauma's. De organisaasje is neffens de ynspeksjetsjinst fernijend dwaande mei it jaan fan soarch.

Reden foar it ûndersyk wiene klachten fan eks-meiwurkers fan Fier Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)