Kwalik ynteresse OV eilannen

28 sep 2007 - 19:39
  • Arriva wol allinne mar op Skiermûntseach it busferfier fersoargje

Bedriuwen binne net ynteresearre yn de konsesje foar it iepenbier ferfier op de Waadeilannen. Allinne Arriva hat ynskreaun op it busferfier, mar dat dan ek allinne mar op Skiermûntseach. Foar de oare eilannen hat net ien in offerte yntsjinne. De provinsje is teloarsteld troch it gebrek oan belangstelling en siket in oplossing.

Op dit stuit docht Arriva it ferfier fan Skylge, Amelân en Skiermûntseach.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)