KvK: 'Praat net fan krimp'

17 nov 2010 - 22:39
  • Skrikbyld op it plattelân: lege en fertutearze huzen

Friezen moatte ophâlde it wurd 'krimp' sa faak yn de mûle te nimmen. Dy oprop docht de Keamer fan Keaphannel. As oerheden en ynstânsjes mar faak genôch roppe dat de Fryske befolking yn oantal ôfnimt en dat it plattelân leechrint, dan slane bedriuwen en ynvestearders Fryslân tenei oer.

Dat soe de deastek wêze kinne foar de Fryske ekonomy, tinkt direkteur Evert Wind fan de Keamer fan Keaphannel. Hy sei dat woansdei by in sympoasium oer de krimp op It Hearrenfean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)