KvK lilk op gemeenten

17 sep 2004 - 16:57

De Keamer fan Keaphannel is lilk op de Fryske gemeenten. Dy hawwe de lesten, lykas de ûnrepliksaakbelesting en de toeristebelesting te folle ferhege.

De KvK docht alle jierren ûndersyk nei de lesten dy't ûndernimmers troch de gemeenten oplein krije. De útkomsten wurde fêstlein yn de Monitor Lokale Lasten. De lesten binne yn ferhâlding mei de kosten te folle omheech gien. Sa leit it Fryske OZB-taryf 1,30 euro boppe it lanlik trochsneed.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)