Kuzu en Öztürk wolle namme Denk net feroarje

11 feb 2015 - 10:32
  • Keamerleden Kuzu en Öztürk by it logo fan harren nije partij Denk

De Twadde Keamerleden Tunahan Kuzu en Selçuk Öztürk fan de nije partij Denk jouwe ta dat se by it sykjen nei in namme en logo foar harren partij ek de namme Denk fan de GGZ Fryslân tsjinkaam binne. Dochs fine se dat it kinne moat dat beide partijen de namme Denk hawwe.

De keamerleden jouwe oan dat se graach yn petear wolle mei de GGZ Fryslân. Dy easket dat de keamerleden op syk geane nei in oare namme en logo en driget oars mei juridyske stappen.

Kuzu en Öztürk sizze dat de soarchynstelling it jild better brûke kin foar de soarch en net foar juridyske prosedueres.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)