Kustwacht warskôget silers

13 jul 2011 - 20:09

De kustwacht warskôget silers foar de swiere omstannichheden yn de seegatten tusken de Waadeilannen. De waarberjochten foarsizze ek foar tongersdei noch in hurde noardwestewyn. Dêrtroch ûntsteane op de Noardsee hege golven. Yn de seegatten tusken de eilannen soargje dy foar in ferriederlike brâning.

Tiisdei rekke dêr in Sweedsk syljacht yn de problemen. Rêdingsboaten hawwe it nei It Amelân brocht. Syljachten moatte de seegatten mije.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)