Kustfiskerij stiet faai

26 okt 2009 - 15:12

It ielbehearskplan fan minister Verburg fan lânbou en fiskerij hat grutte gefolgen foar it rekreatyf kustfiskjen mei fêst fisktúch lykas netsjes. Yn in ekstra maatregel fan it plan-Verburg wurdt fiskjen mei lytse netten ferbean. Dêrtroch komt in ein oan in ieuwenâlde tradysje.

Der wurdt gjin iel fongen mei steande netten, allinich bot, harder en seebearskes. Fiskers op It Amelân begripe neat fan de maatregel en wolle dat de gemeente yn aksje komt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)