Kursussen Afûk oer nei NHL

26 sep 2011 - 14:06

De NHL yn Ljouwert nimt de kursussen akte en didaktyk fan de Afûk oer. By de kursusynstelling is dêr amper noch belangstelling foar. De oergong giet op 1 jannewaris takom jier yn. Dan begjint it twadde semester fan de NHL-oplieding. De oare kursussen Frysk bliuwe by de Afûk.

De akte is de lêste en heechste kursus by de Afûk, nei de leargongen A, B en C. As kursisten it didaktysk foech helje, meie se Fryske les jaan. Op de NHL wurde ek kursussen Frysk jûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)