Kursus trekkerriden yn Drachten

21 des 2005 - 17:32

By it VEC, it ferkearsedukaasjesintrum yn Drachten waard woansdei in spesjale rydfeardichheidskursus foar trekker- en sjovelsjauffeurs jûn. Tsientallen sjauffeurs waarden test op har rydkunde.

De gemeente Opsterlân en de Stichting Bevordering Verkeerseducatie hawwe de kursus opset. Dy is nedich om't de trekkers en shovels hieltyd grutter wurde. Ungelokken dêrmei hawwe faak desastreuze gefolgen. De kursus waard woansdei foar it earst jûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)