Kursus sûn ite foar minima

15 apr 2009 - 15:16
  • Sûn en goedkeap boadskipje is ûnderdiel fan 'e kursus

Sûn ite hoecht net in soad te kostjen. Dat is it boadskip fan in kursus oer iten yn Tytsjerksteradiel. De gemeente biedt de kursus oan oan minsken mei in smelle beurs. Der dogge tsien minsken mei. De kursus bestiet út in soad ynformaasje en kollektyf boadskipje.

De kursus is sa'n súkses dat minsken har spontaan oanmelde foar in ferfolch. Ek út oare gemeenten is al belangstelling toand foar it projekt. Yn Tytsjerksteradiel wolle se it projekt dan ek trochsette.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)