Kursus rollator en scootmobyl

30 jun 2006 - 13:19

De gemeente Achtkarspelen ûndersiket oft âldere ynwenners ferlet hawwe fan in rollatorkursus. Sa'n kursus moat minsken fertroud meitsje mei it omgean mei in 'rinrekje-op-tsjellen'. Neffens it kolleezje kin ûnbekendheid mei rollator of scootmobyl liede ta gefaarlike situaasjes.

Mei de leveransier fan de helpmiddels hat de gemeente in kontrakt dat dy by ôflevering de minsken rydles jout.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)