Kursus reanimaasje by poppen

23 jan 2008 - 15:49

Yn Ljouwert is foar it earst in kursus 'reanimaasje by hiele jonge bern' jûn. It giet om in kursus dy't foarhinne allinnich yn Tilburch folge wurde koe. De kursisten binne bygelyks ferloskundigen of bernedokters.

Reanimaasje fuortendaliks nei de berte is net sa hiel faak nedich, mar dat betsjut ek dat dokters en ferpleechkundigen it hast nea dogge. Se krije dêrtroch mar in bytsje ûnderfining.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)