Kursus oer Twadde Wrâldoarloch

28 sep 2008 - 12:59

Kultuer-histoarysk sintrum Tresoar yn Ljouwert sil Friezen dy't ûndersyk dogge nei de Twadde Wrâldoarloch helpe mei in aparte kursus. It giet dan benammen om minsken dy't gjin ûnderfining ha mei argyfûndersyk en dus net sa goed witte hoe te begjinnen.

Om't de Twadde Wrâldkriich noch altyd wakker populêr is, krijt Tresoar dêr in soad fragen oer. Om dy minsken temjitte te kommen, wurdt der op 28 novimber in spesjale dei organisearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)