Kursus oer bernemishanneling

19 apr 2010 - 11:34

Hast 1200 masters, juffen en liedsters fan de berneopfang yn Súdwest-Fryslân kinne leare hoe't se omgean moatte mei bernemishanneling. Acht gemeenten yn Súdwest-Fryslân biede dêrfoar in kursus oan. It is foar it earst dat soks sa grutskalich dien wurdt. De masters en juffen hoege neat te beteljen, dat dogge de gemeenten.

De kursus moat dúdlik meitsje hoe't bernemishanneling te werkennen is en hoe't soks bygelyks mei de âlden fan it bern bepraat wurde kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)