Kursus islam foar Fryske dûmnys

16 mrt 2002 - 00:00

Kleurryk Fryslân sil in kursus islam organisearje foar Fryske predikanten. De kursus is opset nei oanlieding fan de oanslaggen op 11 septimber en de dêrop folgjende oarloch yn Afghanistan.

Dûmnys, pastoars en oare tsjerklik wurkers ha in soad ferlet fan ynformaasje oer de islam. De kursus wurdt yn april en maaie hâlden yn de Marokkaanske moskee yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)