Kursus Gregoriaansk yn Menaam

28 des 2003 - 00:00

Muzykhûs De Zangbodem yn Menaam set 9 jannewaris út ein mei de kursus 'Kennismaken met Gregoriaans'. Yn tsien byienkomsten komme de kursisten yn de kunde mei it Gregoriaansk yn al har fasetten.

Oan 'e oarder komme skiednis, liturgy, it tsjerklik jier en fansels it Gregoriaansk sjongen. Oanmelde foar de kursus kin by De Zangbodem, op telefoannûmer 0518 - 451704.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)