Kursus Frysker foar sjauffeurs

17 jul 2007 - 13:41
  • De nije Fryskerbuskes ride dochs wat oars as de gewoane bussen

Sjauffeurs fan Connexxion krije fan 't simmer in koarte oplieding foar it riden op de nije Fryskerbussen. De lytsere bussen ride nei alle gedachten fan ein augustus ôf troch de hiele provinsje. It giet om mear as hûndert bussen.

Fiif meiwurkers fan Connexxion krigen fan bussebouwer VDL Berkhof tekst en útlis oer de bus. Sy meie harren kollega's útlizze hoe't alles moat en wêr't al dy knopkes foar binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)