Kursus Frysk foar advokaten

20 aug 2009 - 12:19
  • Gina Kamsma fynt it wichtich dat advokaten yn Fryslân Frysk prate kinne

Der komt in kursus Frysk foar advokaten. De Ried fan tafersjoch yn it arrondissemint Ljouwert hat de kursus ûntwikkele, yn gearwurking mei de AFUK. De Ried fynt it belangryk dat advokaten, dy't yn Fryslân wurkje, op syn minst in lyts bytsje Frysk prate kinne. Foaral omdat it fan belang is dat Frysktalige kliïnten har ferhaal yn de eigen taal dwaan kinne.

Omdat advokaten it faak drok ha, is de kursus sa opset dat se der net al te folle tiid mei kwyt binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)