Kursus foar Fûgelpitsminsken

26 okt 2009 - 22:23
  • De frijwilligers leare hoe't se oaljeslachtoffers behannelje moatte

De Fûgelpits yn Moddergat sil alle fjirtich frijwilligers in kursus jaan om goed taret te wêzen op in grutte oaljeramp. De opfang wurket mei oare kustasyls, Rykswettersteat en gemeenten gear as in soad fûgels tagelyk help krije moatte.

Om sa goed mooglik te hanneljen binne protokollen opsteld. Dy wurde útlein yn in twadaagse kursus. Dêrnei binne meiwurkers sertifearre en kinne se by alle fiif kustasyls ynset wurde om by in ramp fûgels te helpen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)