Kursus 'boargemaster kieze'

25 okt 2003 - 00:00

De fertrouwenskommisje dy't de nije boargemaster fan Ljouwert foardrage moat, hat op kursus west. Dêr learden se wêr't men om tinke moat by it kiezen fan in nije boargemaster. De kommisje wol de post opnij iepenstelle, as der gjin gaadlike kandidaat by sit.

Eardere stapte boargemaster Loeki van Maren mei rûzje op. Ien fan 'e kandidaten fan no soe CNV-er Doekle Terpstra wêze. Hy hat him noch net meld en de termyn rûn 6 oktober ôf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)