Kursus auto te wetter

24 okt 2013 - 20:56
  • Kursisten leare hoe't se út in auto krûpe moatte.

Yn swimbad "De Wetterstins" yn Burgum wie tongersdei in kursus dy't minsken leart wat se dwaan moatte as se mei de auto yn it wetter reitsje. Alle jierren oerkomt dat sa'n 800 bestjoerders. In soad minsken reitsje dan yn panyk. De tolve minsken dy't meidiene oan de kursus dûkten mei de auto it wetter yn, de auto siet fêst oan in lier.

Neffens kursuskoördinator Jan Schaafsma is sa'n kursus fan grut belang. "As jo witte wat jo dwaan moatte, reitsje jo net yn panyk. En dat kin libbens sparje."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)