Kurators Pasana publisearje fallisemintsferslach

17 apr 2015 - 12:39
  • Sikehûs Sionsberg yn Dokkum

De skuldeaskers fan de fallite Pasana Soarchgroep - mei dêryn ek sikehûs De Sionsberg - krije op syn meast tusken 10 en de 30 prosint fan harren jild wer werom. Dat is de ynskatting fan kurator Hans Silvius. De kuratoaren hawwe freedtemoarn it fallisemintsferslach publisearre. De kuratoaren binne noch oan it rekkenjen, mar it is no al wis dat de skuldeaskers mar in part fan har jild weromkrije.

Der is by de fallite soarchgroep noch in pot jild mei sa'n 30 miljoen euro. Banken, de belestingtsjinst en it UWV krije lykwols earst betelle.

Fan it jild dat dan noch oerbliuwt moatte de oare skuldeaskers betelle wurde.

De grutste skuldeasker is sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten. De Pasana Soarchgroep hat in skuld fan 14,8 miljoen by Nij Smellinghe. Fan dat jild komt op syn meast in pear miljoen wer werom. Bestjoerder Norbert Hoefsmid fan Nij Smellinghe fynt dit ferfelend, mar seit dat it Drachtster sikehûs dat ferlies wol opfange kin.

Yn it publisearre fallisemintsferslach komt de 'skuldfraach' fan it fallisemint fan Pasana noch net oan de oarder. De kuratoaren sille letter dit jier noch neigean oft it eardere Pasanabestjoer ek wat te ferwiten falt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)