"Kurator Autogroep Siton hie mei fakbûnen oerlizze moatten"

24 des 2014 - 13:36
  • Autogroep Siton op It Hearrenfean

It FNV is min te sprekken oer de gong fan saken mei it fallisemint fan Autogroep Siton. Anne van Dijk fan fakbûn FNV tinkt dat der gebrûk makke wurdt fan in trúk om meiwurkers kwyt te reitsjen.

It garaazjebedriuw mei 58 wurknimmers hat fêstigings yn Drachten, Bûtenpost en op It Hearrenfean. It bedriuw hat in skuld fan 1,5 miljoen en der is no al in oernamekandidaat. It FNV is it fierder net iens mei de opstelling fan de kurator, dy't neffens Van Dijk net goed opkomt foar de belangen fan de meiwurkers.

Van Dijk nimt it de kurator ek kwea ôf dat er net kontakt opnommen hat mei de ferskate fakbûnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)