Kuperus mei net keepe by Cambuur

06 feb 2004 - 00:00

Harm Kuperus, yn 'e winterstop oergien fan sneonshaadklasser Spakenburg nei Cambuur, mei fan 'e KNVB distrikt noord dit seizoen net op 'e goal by de Ljouwerters. Amateurs meie net healwei it seizoen oerstappe nei in oare feriening, fynt de KNVB.

Om't der yn dit gefal sprake is fan posysjeferbettering wol Kuperus in advokaat ynskeakelje om dochs noch tastimming ôf te twingen fia de rjochter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)