Kuperus koördinator by SV Urk

04 jun 2006 - 15:18

Johannes Kuperus (29) wurdt de nije technysk koördinator by SV Urk. De âld-fuotballer fan ûnder oare SC Hearrenfean, VV Snits en ONS Snits lit it fuotbaljen achter him en keart werom yn in nije funksje by Urk.

Kuperus rûn by ONS in blessuere op oan syn knibbel en ankel. Hy sil wol wer fuotbalje yn syn wenplak Jiskenhuzen, mar dan mei freonen yn de fyfde klasse. Kuperus hat earder ek trije seizoenen by Urk fuotballe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)