Kuorbalwedstriden ôfsein

04 des 2010 - 15:45

De kuorbalwedstriden fan Drachten/Van der Wiel 1 en 2 geane sneon net troch om it minne waar. De ploegen soene thús tsjin AKC út Almelo spylje. It tredde team fan Drachten wie al ûnderweis nei Koog Zaandijk, mar is fanwege de snie weromgien. De oare wedstriden fan Drachten wurde wol spile.

Mid-Fryslân 1 en 2 komme sneon ek net yn aksje. De reis nei OVVO yn Maarssen wurdt troch de kuorballers fan Reduzum en Grou net ûndernommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)