Kuorballers SCO rêde it net op tsjin SKF

22 nov 2015 - 13:51

De kuorballers fan SCO ha sneontejûn mei 26-20 ferlern by SKF yn Veenendaal. De kuorballers fan Aldeholtpea koenen it net oprêde. De thúsploech SKF oerdondere yn de earste helte de ploech fan coach Aegle Frieswijk en by rêst wie de stân 18-9. Yn de twadde helte sette SCO de achterfolging yn en wist de ploech werom te kommen nei 22-19. Dêrnei luts de thúsploech oan it langste ein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)