Kuorballers LDODK winne wer

16 okt 2011 - 17:33

Kuorbalhaadklasser LDODK út Terwispel/ De Gordyk docht nei de 22-17 útwinst tsjin VADA noch goed mei yn de top fan it klassemint. Foar it wykein dielde de ploech fan trainer Gerald Aukes mei Eibernest en Tempo de kopposysje. Trochgeans hat LDODK it dreech yn Wageningen, mar by rêst stie it al 14-9 foar de Fryske haadklasser. Fral Markus de Boer wie goed op skot.

Yn de twadde helte koe LDODK hieltyd in foarsprong hâlde fan sa'n 5 punten en kaam de oerwinning net yn gefaar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)