Kuorballers LDODK winne by KZ

06 feb 2016 - 21:33
  • LDODK (argyffoto)

LDODK hat yn de kuorbal-league de útwedstriid tsjin KZ mei 31-28 wûn. Yn Koog aan de Zaan kaam LDODK nei 8-8 foar de earste kear op foarsprong. Healwei stie de ploech út Terwispel en De Gordyk op in 15-13 foarsprong. It ferskil waard yn de twadde helte in pear kear grutter, mar it bleau spannend troch it hieltyd weromkommen fan KZ. Erwin Zwart wie de skutter by LDODK mei acht goals, Fries om utens André Kuipers skoarde foar KZ likefolle.

LDODK en KZ hawwe no beide 10 punten út 10 wedstriden, goed foar in dield fjirde plak yn de league.

Under de nije coach Erik Wolsink wist LDODK dit seizoen yn de kuorbal-league foar it earst yn de kluphistoarje útwedstriden te winnen fan Blau Wyt Amsterdam, Fortuna Delft en no ek tsjin KZ út Koog Zaandijk.

In klasse leger ferlear SCO fan Aldeholtpea yn de lêste sekonden mei 28-27 by OVVO yn Maarssen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)