Kuorballers LDODK mei 40-25 ûnderút by TOP Sassenheim

14 des 2014 - 14:02

De kuorballers fan LDODK ferlearen sneontejûn mei mar leafst 40-25 fan TOP. Yn Sassenheim gong de wedstriid lang lykop. De ploech út Terwispel en De Gordyk wist Top by te hâlden oant 6-6. Dêrnei rûn de thúsploech út Sassenhei út nei 10-6. LDODK wist wat werom te dwaan, by rêst stie der in 18-15 tuskenstân op it boerd.

Yn de twadde helte like it efkes of koe de ploech fan trainer Jan Sjoerd Pool de oansluting wer pakke, mar by 23-19 wie it krûd damp en koe TOP ienfâldich útrinne nei in hiele romme oerwinning.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)