Kuorballers ferlieze EK-finale

13 jul 2014 - 16:12

De kuorballers fan Jong Oranje, mei dêryn Geertje Hoekstra út Aldegea Smellingerlân, hawwe sneon de finale fan it EK ûnder de 21 ferlern fan België. Yn in wiere kuorbalthriller ferlear Oranje mei 25-24. Healwei de twadde helte hienen de Belgen fiif punten foarsprong, mar yn in knappe einspurt wist Nederlân yn de slotsekonde op 24-24 te kommen.

Yn in spannende ferlinging foel de gouden goal oan de kant fan België, dat dêrtroch oan it langste ein luts. De Belgen nimme de Europeeske titel oer fan Oranje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)