Kuorballer Erwin Zwart wint mei Oranje it WK

08 nov 2015 - 17:05
  • Erwin Zwart

Kuorballer Erwin Zwart hat snein de wrâldtitel pakt mei it Nederlânske team by it WK yn Antwerpen. Yn de finale wie Oranje mei 27-18 te sterk foar gastlân België. By rêst stie in 13-11 foarsprong foar de Nederlanners op it boerd. Ek yn de twadde helte wisten de Belgen lang yn it spoar fan Oranje te bliuwen. By 19-16 rûn de ploech fan bûnscoach Scholtmeijer út nei 23-16. Dêrmei wie it ferset brûtsen by it gastlân en koe Oranje útrinne nei de oerwinning.

Zwart kaam de lêste 3 minuten noch yn aksje en makke de lêste treffer út in strafworp.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)