Kuorbal: ferlies foar Stânfries

22 maaie 2003 - 00:00

De kuorbalbekerfinale op freed 6 juny op it fjild fan Drachten giet tusken Nic/VCD út de stêd Grins en Thrianta fan Hoogeveen. Yn de heale finales wûn Thrianta woansdeitejûn mei 19-17 fan Stânfries-Reduzum en hie Nic it net al te dreech tsjin it Asser VDW.

Ien finalist by de junioaren is nei woansdeitejûn ek bekend. Stânfries wûn mei 15-8 fan De Harkema. De oare finalist moat komme út de wedstriid De Hoeve-VDW.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)