Kuorbal: Drachten promovearret

06 mrt 2005 - 13:41

De kuorballers fan Drachten/vd Wiel spylje it nije sealseizoen yn de haadklasse. Yn in folle sporthal De Drait promovearre it team fan Jan Tuttel sneontejûn troch Noordenveld út Roden te ferslaan mei 16-13. By de rêst stie it noch 8-8.

Alle Boersma waard de bêste skutter yn dizze thriller mei acht doelpunten. Troch de oerwinning einiget Drachten op it twadde plak yn de oergongsklasse A, achter kampioen SDO.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)