Kuorbal: Blau-Wyt rêdt it net

01 jun 2004 - 00:00

It is de kuorballers fan Blau-Wyt út it Hearrenfean snein net slagge om promoasje nei de haadklasse ôf te twingen. De beslissingswedstriid tsjin Rohda yn Hurderwyk gie snein ferlern mei 8-10. Yn in minne wedstriid hie de ploech fan it Hearrenfean grutte problemen om te skoaren.

Blau-Wyt rekket foar it kommende seizoen ferskate topspilers kwyt. Bartjan Scheenstra giet bygelyks nei DOS yn Nijeveen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)